Aankomst in Oslo - Reisverslag uit Oslo, Noorwegen van Christine Kuipers - WaarBenJij.nu Aankomst in Oslo - Reisverslag uit Oslo, Noorwegen van Christine Kuipers - WaarBenJij.nu

Aankomst in Oslo

Blijf op de hoogte en volg Christine

08 Augustus 2015 | Noorwegen, Oslo

Heee allegear!

Dit is het eerste reisverslag wat ik meitsje! Ik doch it lekker yn it Frysk, omdat ik dat toch in healjier net prate kin en ik ek tink yn it Frysk, fielt foar my better :)

Toansdjenacht om 1 oere bin ik oankaam op vliegfjild Oslo, it wie wat in langere reis omdat der problemen wienen mei de bagage.. Dus uteindelijk midden yn de nacht arriveert! Yn it fliegtug siet ik heel toevallig neist in famke ut Noorwegen wei, sy kaam krekt by frienden wei ut Nederlan en sy studeerde en wenne yn Trondheim (noorden fan Noorwegen). We ha heel gesellich praat en nummers utwissele, omdat se my wol rondleide woe yn Trondheim at ik der komme soe :) Harstikke leuk fansels!

Dernei moest ik natuurlijk in sliepplak fine, dat wie in dik drama, want de treinen en bussen riden dus net meer! Ik sech in speeltuntsje op it fliegfjild en der leinen wat minsken yn hun sliepsekje te sliepen op fan die rubberen matten. Dus ik tocht: der gjit Christine dan ek mar by lizzen, wat mat ik oas?:P Ik wie al wat bang dat myn baggage jatten wurre soe, mar ik wie sa warrig dat ik wol graag sliepe woe. Ik hie gjin matsje by my, dus bink lekker op de gliibaan lizzen gong fan dat speeltoestel, haha, ha je dat ek wer es beleefd.

Nei in heftige nacht mei allegear drilboren fan de renovatie fan it station, waard ik redelijk utrust wekker. Toen hak de trein naam nei Oslo centraal station en der hak om 10 oere oare internationale studenten ontmoet!
It wienen serieus allegear Chinezen, Vietnamezen en Taiwanezen, dus ik fielde my al wat Europees :P Gelokkig kaam ik in jonge tsjin ut Dutslan en in famke ut Amerika. Wie erg gesellich! We ha de sleutels ophelle en een welkomstpakket ophelle. Dernei bink mei dat famke ut Amerika nei myn keamer gong en dernei nei har keamer!
Beide sitte we op in ferskillende campus, mar net sa fier by elkoar wei.
De keamers wienen beide redelijk grut, ongeveer saos yn Grins, mar beide zonder gedinen :P dus der kaam fannemoarne in baken fan ljocht nei binnen:P

Ik deel myn ferdjipping mei 6 oaren. Derfan hak 2 ontmoet, Fabio komt ut Brazilië, en ik deel myn badkeamer en WC mei him. En Angel komt ut Spanje, de rest hak nog net sjoen, mar binne Noors.

Midjes ha de Amerikaan en ik Oslo wat trochron om simkaarten te krijen en in kabel foar internet yn us keamer, dat wie nog in hele toer.. mar is uteindelijk lukt!
Dernei ha we nei it Operahouse west, in hele grutte skouwburg yn it centrum en der kinst helemaal oer it dak hinne rinne en hast utsicht op de fjorden. It wie super mooi!!

Juns hak mei Angel iten. Hy soe iets Spaans foar my meitsje. Nou foar syn begrip wie 'dinner' in broadsje ite, dat binne wy fansels net wend, dus dernei hie ik nog steeds honger, haha. Mar goed, it wie wol lekker! Spanjaarden ite namelijk wol 6 keer per dei, mar dan steeds lytse porties, dus fandear dat hy weinig ite.
We hienen it iten nog mar krek op of der kamen allegear minsken binnen. Angel hie ien of oare kitchen party organiseert yn us keuken. Dus ik ha hele folle minsken ontmoet juster, it wie super leuk! Italianen, Spanjaarden, Chilenen, Dutsers, 2 Nederlanse jongens etc. Ik soe net meer mei hun fourt, omdat ik sa warrig wie troch de slapeloze nacht. Mar der stonnen op in gegeven moment wol 20 man by us yne keuken, dus ik koe ek net meer weigerje :P
Dus toen binne we de sted nog even yn west en hak foar it eerst yn myn leven in bierke dronken foar 8 euro :O Ik ha der mar extra bot fan genoten, haha. Dat matte we dus net te vaak dwan ha we mar besluten.

Hjoed (saterje) bin ik mei Fabio nei in grutte mar west tichtby us hus, dat wie echt prachtig!! Echt geweldig mooi der, en myn utsicht ek :) Ik sil nog even wat foto's tafoege at it lukt!
Dernei nei de Ikea west foar in kessen en gedinen, want dat hienen we nog net. En no bink helemaal settele:)

Fejonne ha we in grut feest foar alle internationale studenten yn Oslo, dus der gjinne we mei us allen hinne. Ik ha my dus nog gjin moment ferfeelt sa ot jim wol hearre!

Mendje begjint de introductiewike op skoalle, dus dan sille we foar it eerst op de uni sjen! It Amerikaanse famke die ik ontmoet ha die is jir eerst mei har mem kaam, omdat die nog nooit yn Noorwegen sjoen hie, en die woenen heel graag mei my lunche, dus dat wie heel aardig fan ze! Ik bin benijd! Jim hearre nijewike wolris wer fan my!

Dikke tút Chrissie

  • 09 Augustus 2015 - 00:31

    Marije:

    Hahaha machtig ferhaal! Dyn foto's ek, heerlik. Foaral fan de wc, makkest it wot spicy fan he. Bin beneid nei de rest fan dyn ferhalen!

  • 19 Augustus 2015 - 18:58

    Inge:

    Moai ferhaal!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Christine

Actief sinds 08 Aug. 2015
Verslag gelezen: 301
Totaal aantal bezoekers 7185

Voorgaande reizen:

08 Augustus 2015 - 31 Januari 2016

Studeren en reizen in Noorwegen :)

Landen bezocht: