De twadde wike & op reis! - Reisverslag uit Bergen, Noorwegen van Christine Kuipers - WaarBenJij.nu De twadde wike & op reis! - Reisverslag uit Bergen, Noorwegen van Christine Kuipers - WaarBenJij.nu

De twadde wike & op reis!

Door: Christine Kuipers

Blijf op de hoogte en volg Christine

23 Augustus 2015 | Noorwegen, Bergen

Heee Iederien!

Der wie ik wer! Ik bin jir no al langer twa wiken en ik ha my nog gjin moment ferfeelt. It probleem is allinech dast jir echt leeft wurst de eerste wiken. Leerst safolle minsken kennen en safolle nije indrukken. Doe kinst amper even in moment alline weze om alles even op in rij te krijen.

Gelokkig ha ik al in pear leuke friendinnen ontmoet wer ik goed mei opsjitte kin! We ha al folle dingen samen dien. Soo komt ut Zuid-Korea, Allison ut Amerika (Washington), Dorien ut Nederlân, heel toevallig fan myn studie yn Grins en Sofia komt ut Finlân. Echt super gesellich is it mei hun.
Ik mat jim nog even wat fertelle oer Korea, dêr wienen we saaa ferbaasd oer. Sy ha as Koreanen wat spletige eachen en in plat neuske, dêr binne ze zelf helemaal net tevreden mei. Dus at se dan klear binne mei hun middelbare skoale dan kinne ze fan de skoalle 30% koarting krije op plastische chirurgie!! Dan kinne ze hun eachen lifte litte en hun neus spitser meitsje :O dat is toch ongelooflijk!

Fjidder bin ik der nei twa wiken achterkaam dat de Noren super skjin binne. Do fynst dêr amper kauwgum op strjitte en ast vuilnis fourtgooist op strjitte mast alle skeide: plastic, papier en restafval.. Dat dogge wy dus alline thus yn Nederlân, haha. Zelfs op it station rinne der minsken om die alle vuiltsjes fan de strjitte helje, tot it autistische om oa :P Ek binne ze super sportief, der binne safolle sportfaciliteiten en de Noren binne hast altyd bûten, zelfs yn ‘e winter ha ik heard.. We ha zelfs al ien of oare ‘cabaretiervoorstelling’ hân fan in man die de spot hie mei Noren. Saa grappig, oer dat ze sa verlegen binne, totaal net romantisch en nooit ‘hoi’ sizze tsjin elkoar. It wie super grappig hoe hy it brocht, foaral ast se fergelykest mei de Italianen en Spanjaarden die sa slijme by de vrouwen.

Oohja en nog iets: der binne studenten die bedwantsen yn hun sliepkeamer ha.. Om precies te wêzen: yn hun matras!!! Saaaa vies.. Dus der wie in NL famke die allegear fan die bultsjes op har fuoten hie. Se tocht eerst dat it neven wienen, mar toen bleek ze dus bedwantsen te ha.. Har hele keamer mat no evacueert wurre en al har klean mat yn ‘e vriezer foar in wike. Echt sa vreselijk. Ik ha myn bêd ek even controleert, want ik kryg ek opiens oeral jokte 's nachts, mar ik koe ze gelokkig net fine!:P

Ik bin mendje en tiisdje foar it eerst nei skoalle west. En eerlijk sein wie it gigantisch saai! We ha alline mar dingen herhaalt fan wat ik al hân ha mei myn studie yn Grins en we ha steeds introductie hân. Dus toen ha Dorien en ik mar besluten om in leuk tripke te meitsjen nei Bergen en Myrdal ta, want ja, we matte jir tenslotte al wat sjen fan de omgeving!

Ús avontuur begong wensdjemoarne betiid, de eerste trein nei Myrdal ha we boekt en dan soenen we nei Flam yn in dal ta mountainbike, der 2 dagen bliuwe en dernei nei Bergen ta.
Nou toen begong it jer.. Toen we oankamen yn Myrdal ha we mountainbikes huurt en moesten we 20 kilometer nei beneden fietse. Opsich gjin probleem soest sizze, we ha vaak genoag yn Nederlân fietst, mar dit wie toch wat oars. De hellingen wienen sa steil dast gewoan wol foaroer falle koest oer de fiets. Dus we ha super foarsigtig dien it eerste stuk. Op in gegeven moment gong it paad oer fan stjintsjes nei in betonnen fietspaad en sei ik tsjin Dorien: ‘Goooh ik durf steeds sneller’! It wie sa geweldig, we gongen super snel fan de berg oa. Nou ik hie it nog net sein, of dêr kaam onverwachts in auto ut ‘e hoeke wei en Dorien en ik leinen beide finaal oer de hasses. It probleem wie namelijk dat we beide ‘saaa folle ferstân’ fan die mountainbikes hienen dat we beide de voorrem yntrape hienen en we dus gewoan fan skrik oer it stjoer flein binne. Ik skrok my kapot, want Dorien foel sa raar! Toen we op de grûn leinen sêchen we elkoar oan en toen binne we toch yn leitsjen utbarsten!! We koenen gewoan net meer stopje fan it leitsjen. We hienen beide harstikke folle pine, mar wienen ek sa oplucht dat it sa oaron wie. De automobilist wie ynmiddels ut de auto wei kaam en wie sich kapot skrokken fansels, mar we koenen net iens meer mei him prate fan it leitsjen. Toen se fourtriden wienen skrokken we toch wol erg dat it nog sa goed oaron wie, foaral ek troch de helm by Dorien. Dorien har fuotten wienen helemaal skylt en myn knibbel die hartstikke zeer.
Gelokkig hoefde we nog mar 3 kilometer nei beneden en ha we nog even fan it landskap genoten :P haha.

Yn Flam ha we yn in hostel út fan hus west. Die man fan it hostel wie super aardig, want de twadde nacht koenen we nergens meer oernachte yn FLam en ha we zelfs yn syn privé wenkeamer slept. De oare dei ha Dorien en ik in hike dien nei Aurland ta, troch de bergen hinne, wêr we een gigantisch steile berg op moesten. We wienen kapot nei 6 kilometer!! We ha toen mar besluten dat we mei de boat yn Aurland werom soenen nei FLam, mar dat kosse wol 12 euro. We binne de boat op gong en we koenen it loket wêr we betelje moesten op de boat nergens fine (net dat we sa goed socht hienen). We besluten dat we us gewoan fan de domme halde soenen at se us ergens nei freegje soenen. We stapten út yn Flam en se sêchen nergens nei! Haha, lekker goedkeap tochtsje nei de oerkant :P

Ferfolgens binne we dus nei Bergen ta gong mei de trein, wêr it ek heel mooi skynde te wêzen. Dizze keer sieten we op in camping yn in soort blokhutsje, geweldig! We ha de oare dei in hike tocht dien troch de bergen hinne fan 20 kilometer. Dit soe ongeveer 5 oeren dourje.
Jim witte ongetwijfeld wol hoe ‘handig’ ik soms altyd wêze kin yn it dagelijks leven, mei oer stoeptegels stroffelje en dingen kwytreitsje of ferjitte, mar Dorien die oertrof my werkelijk mei ALLES yn die dingen, haha. Wat ha wy lake. Dorien fergêt al har paskes by de winkel, gong dus as eerste oer de kop mei de mountainbike omdat ze de auto net sjoen hie, hie gjin hike skoun by har, dus dan mar op har normale skoun. Se stompte in spultsje ‘mens erger je niet’ fan de tafel oa die we lient hienen fan die man fan it hostel en tot overmaat van ramp smiet ik myn drinken der ek nog oer hinne. Kinst it die voorstelle: de twa hampeltsjes by elkoar :P

Tydens it begjin fan de hike kamen boven op de berg oan nei in swiere klim, toen we 2 noorse vrouwen tsjinkamen. Die ha even in foto fan us makke en fregen at we dit hiken foar it eerst dienen. Nou ja, klopt ja. It wie nogal kâld op de berg en it waaide erg hurd, dus die vrouwen sieten us al wat raar oan te sjen. Op in gegeven moment sei die vrouw: ‘Gjinne jim de hele tocht fan 20 kilometer rinnen?’ Eeh jaaa tochten wy. En toen sei se: ‘oh dear..’ En se sêch der echt sa besoarchd by. Eerst sêch se nei Dorien har netsjese skoun en toen nei use jassen. ‘En ha jim ek gjin wyntichte jassen by jim?’ frege se. Nou nee dus, lekker onvoorbereid kamen we dêr oan. Dorien en ik tochten: wer makket die frou har drok om.
Nou dat ha we dus achteroa witten. Wat wie dat in swiere tocht.. Oer de bergen, oer rotsen, troch it dal, troch wetter en modder hinne. Dorien har skoun wienen dwarstroch nei de tiid en se stroffele de hele tiid. We wienen kapot!! Mar it landskap wie super en it wie ek heerlijk rustig dêr op de berg midden yn de fjorden!

Nei de hike ha we nog even troch it doarp Bergen hinne ron, heel mooi dêr, mar we wienen kapot. We ha eerst in ijsje helle, want dat hienen we wol fertsjinne. We ha it de hele reis oars net as oer iten hân: ‘ooh heb jij ook zo’n zin in een schnitzel met aardappelen? Of een tosti, of ooh jaa een broodje gezond, chocola!!’. It is jir namelijk sa djoer op reis dat we mar net te folle djoer iten kocht ha, dus in heerlijk droeg stukje bôle mei ham en zonder bûter gong der wol yn!

Jûns ha we heerlijk slept yn ús ‘cabin’ op de camping en hjoed binne we mei de lange treinreis fan 8 oeren wer werom nei Oslo ta gong! It wie geweldig!

De foto's fan de hele trip stjinne onder foto's, wol wat troch elkoar hinne, mar it wol net sa goed..

TOt snel! Dikke tut Chris

  • 24 Augustus 2015 - 11:23

    Folkje:

    Leuk ferhaal, Chris! Moai om dyn belevenissen te leazen!

  • 12 September 2015 - 19:11

    Guda:

    Hoi Christine,

    Hoe gaat het met je? Ik zou graag je reisverslagen willen lezen, maar kan geen Fries lezen, wat doe we daar aan?

    lieve groet, Guda

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Christine

Actief sinds 08 Aug. 2015
Verslag gelezen: 490
Totaal aantal bezoekers 7197

Voorgaande reizen:

08 Augustus 2015 - 31 Januari 2016

Studeren en reizen in Noorwegen :)

Landen bezocht: